Ek mear Friezen yn jildpine

Friezen komme de lêste moannen hieltyd faker yn finansjele swierrichheden. Dat blykt út sifers fan de Gemeen- schappelijke Kredietbank. It tal minsken dat net rûn komme kin, is yn in pear moanne mei in kwart tanommen.
De kredytbank siket de ferklearring yn de ynfiering fan de euro. Dêrtroch binne de prizen stiichd, mar ek kinne minsken noch dreech 'omrekkenje'.