Louwers wint Ronde fan Boalsert

© Omrop Fryslân
Mart Louwers fan Amsterdam wûn tongersdei de Ronde fan Boalsert, in kritearium oer 80 km foar amateurs. De hurdfytser út de Rabobankploech wie yn 'e einsprint de sterkste fan it peleton. Syn ploechmaat Peter Möhlmann waard twadde.
Tonny Teuben fan De Knipe waard tredde. Teuben, de winner fan ferline jier, wie tefreden mei syn tredde plak.