Three-ality ûnder wetter

It libben fan in sjongeres is net altyd maklik. Dat ûnderfûnen Femke, Marieke en Sanne fan Three-ality, it eardere Flat Out. Foar de fideoklip dy't de groep wûn troch it winnen fan Liet 2002 waarden ûnderwetteropnames makke yn it gemeentlik swimbad fan Harns.
De hele jûn dûke en ûnder wetter de eagen iepen hâlde foel de sjongeressen net ta.