Keunstners yn Ternaard

It âlde gemeentehûs fan Westdongeradiel yn Ternaard wurdt in moetingsplak foar keunstners út de hiele wrâld wei. Undersyk yn opdracht fan de gemeente wiist út dat dat út kin. It giet dan om saneamde 'artists residents', dêr't al 200 fan bestean.
Benammen yn Amearika is fraach nei tydlike ûnderkommens yn Nederlân. It doarp is posityf oer de plannen.