50.000e besiker Wettervlecke

© Omrop Fryslân
Swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean krige woansdei de 50.000e besiker. It giet om de 6-jierrige Edwin Elzinga fan De Pein. Hy krige in oarkonde en in swimabonnemint foar takom jier.
Acht wiken lyn hie Wettervlecke noch mar 25.000 besikers. It moaie waar fan de ôfrûne wiken hat soarge foar in ferdûbeling. It bad tinkt it seizoen ôf te sluten mei 60.000 besikers.