'Sweagerfeart moat skjinmakke'

De Sweagerfeart yn Kollumersweach moat sa gau as mooglik útbaggere wurde. Dat wol Pleatslik Belang Kollumersweach- Feankleaster. De feart is swier fersmoarge en sûnt de jierren '70 is der neat mear oan dien.
Woansdeitejûn stie Pleatslik Belang mei in grut protestboerd yn it sintrum fan Kollumersweach.