Untslaggen by Hovap yn Snits

De helte fan de wurkplakken by Hovap yn Snits moat ferdwine om't de apparatebouwer ferlies draait. It bedriuw makket pompen en ôfsluters. Memmebedriuw Tyco wol de masines nei Nij Seelân oerbringe. Dat is it goedkeaper.
Foaral produksjemeiwurkers krije dien. Neffens Hovap giet it om minder as 18 plakken. De fakbûnen ûntkenne dat. Nije wike wurdt oerlein oer in sosjaal plan.