Frachtferkear net oer brêge

De brêgen yn Ravenswâld en Donkerbroek binne fan nije wike moandei ôf net mear tagonklik foar swier frachtferkear. Eins moatte de brêgen opknapt wurde, mar de gemeente Eaststellingwerf hat noch gjin jild foar grut ûnderhâld.
Dêrom is dizze previntive maatregel betocht. Foar de ynwenners fan beide doarpen hat de maatregel gjin gefolgen.