Drokte yn de stêd om Eneco-toer

De plysje hie 165 minsken ynset om de drokte om de Eneco-toer hinne oan te kinnen. Der wie in soad belangstelling, mar de plysje hie it yn de hân.
Foarsitter fan de KNWU (it fytsbûn) Joop Atsma neamde de toer in opstekker foar Fryslân. Winkeleigners hienen minder klanten yn de winkels as oars. It Saailân wie ôfsletten foar ferkear. It 'sirkus' is woansdei yn Dokkum.