Personiel It Wiid wol baan hâlde

Tsientallen wurknimmers fan bungalowpark It Wiid yn Earnewâld protestearren tiisdei by de rjochtbank yn Ljouwert. Dêr tsjinne in koart pleit oer it behear fan it park.
De Hoge Raedt-Groep wol dat de Feriening fan Húske-eigners it behear oernimt, mar dy wol net. It personiel easket dúdlikens oer de takomst. De saak spilet al langere tiid.