Fierljeppen yn Gryptsjerk

De titels by it fierljeppen yn it Grinslanner Gryptsjerk giene moandei nei de winners fan it Frysk kampioenskip, sneon yn Winsum. Dat wiene Henk Schievink, Antke van der Wal, Hannes Scherjon en Bart Helmhout.
De sporters koene alfêst wenne oan de springskâns, want yn datselde Gryptsjerk wurdt dit wykein fierljept om it Nederlânsk kampioenskip.