Fryske Appaloosa kampioen

Rudolf Dijkstra en Petra Wijbenga fan Hallum binne wakker wiis mei har hynder Peru's Dancer. En dat mei ek wol, want it hynder waard sneon Nederlânsk kampioen jeugd.
Peru's Dancer is in Appaloosa, in ras dat yn Fryslân kwalik bekend is en dat faak brûkt wurdt yn Westernshows. Oant no ta giene faak fokkers út it westen mei de ear oan de haal.