Doarpen wolle gjin drokke dyk

De ferienings fan pleatslik belang Jellum/Bears en Deinum wolle gjin nije drokke ferkearsdyk ticht by de doarpen. Dat makken se moandei dúdlik yn Ljouwert by de start fan de ynspraak fan de Heak om Ljouwert.
Dy dyk oan de súdwest-kant fan Ljouwert stiet al jierren op it ferlanglistje fan Ljouwert. De earste faze moat binnen tsien jier in feit wêze.