Boeide man fûn by Dokkum

Op in carpoolplak oan de Lauwersseewei by Dokkum is freedtemoarn betiid in boeide man oantroffen. Hy lei fêstbûn tsjin in parkearde frachtauto.
De man wie net oansprekber en is yn ferwarde tastân oerbrocht nei sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. De plysje taastet yn it tsjuster oer wat der bard is. Sy freget tsjûgen om kontakt mei har op te nimmen.