Skoalle De Gordyk wol útwreidzje

© Omrop Fryslân
De Boargemaster Harmsmaskoalle op 'e Gordyk wol yngreven útwreidzje en ferbouwe. Dat moat 3.500.000 euro kostje. Der binne grutte plannen foar in vmbo-skoalle foar 700 learlingen.
De kosten binne sa heech omdat de skoalle oanpast wurde moat oan in nije foarm fan ûnderwiis, dy't no al 2 jier tapast wurdt yn de sektor technyk. De learlingen krije dan ûnderwiis op maat.