Oanpassingen foar Ronde

De Ronde fan Nederlân komt nije wike tiisdei yn Fryslân. De finish fan de hurdfytswedstriid is op it Saailân yn Ljouwert. Om de feilichheid fan de fytsers te garandearjen wurdt it parkoers oanpast. Hichteferskillen yn it trajekt wurde fuorthelle.
Nei de ronde moatte dy wer yn de âlde steat werombrocht wurde. Kosten wurde rûsd op 27.000 euro.