Beswier tsjin boete fia site

Hieltyd mear minsken meitsje beswier tsjin in ferkearsboete fia de website www.onterechtbekeurd.nl It lêste jier binne fia dy site tusken de seis- en sântûzen beswierskriften ynkommen by it Iepenbier Ministearje.
De site is in inisjatyf fan plysjeman Rein Middelburg fan Boarnwird. Op de site steane ferskate foarbylden fan beswierskriften.