CD mei Staal-lieten yn it Frysk

De Friezen Sjoerd van der Leij en Joop van Dijk hawwe in CD makke mei 15 ferskes fan 'e Grinslanner sjonger Ede Staal yn it Frysk. Se hawwe oardel jier wurke oan de CD 'Stiel sûnder grinzen'.
De belangstelling foar de CD is grut, ek yn Grinslân, dêr't in soad minsken de yn 1986 ferstoarne skriuwer op hannen drage. De earste 500 eksimplaren fan 'e CD binne al ferkocht.