Asfaltearjen hindert bedriuwen

De transportbedriuwen op yndustry- terrein De Himrik yn Ljouwert ûnderfine grutte oerlêst troch de wurksumheden oan de Planetenlaan. Om't de dyk opnij asfaltearre wurde moat, is de Planeten- laan oant 1 novimber fersmelle.
Gewoane auto's kinne omride mar fracht- auto's langer as 8 meter meie net oer de brêge yn Camminghabuorren en steane soms wol in oere yn 'e file.