Utwreiding by Fano

Fano Fine Food sil flink útwreidzje. It fiedingsmiddelbedriuw hat no 155 wurknimmers, dêr komme meikoarten fyftich oant sechtich by.
Fano is fêstige yn Easterwâld. It bedriuw makket salades en kant en klear iten, dat yn supermerken ferkocht wurdt. De útwreiding fan it bedriuw komt troch de tanimmende fraach nei sokke produkten.