Iepen dei by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Hearrenfean hie sneon iepen dei. In slagge iepen dei, dêr't sa'n dikke tsientûzen minsken op ôfkamen.
Om in oere as tolve kamen alle spilers abseilend it stadion yn. Dêrnei waarden se foarsteld en wie it tiid foar de fans om hantekenings te garjen. Op it byterrein waarden oare sporten demonstrearre. Dêr diene ek de Feanshop en de fanclub tige goede saken.