Bliksemynslach yn pleats Arum

Bliksemynslach hie freed yn Arum tsientûzenen euro's oan skea fan gefolgen. De bliksem sloech yn by it bedriuw Leeuwen ôfboutechnyk, dat festige is yn in pleats mei reiten tek.
De brânwacht kaam te help mei grut materieel en 45 brânwachten. Sy koene it wenhûs behâlde. Der diene him gjin persoanlike ûngemakken foar, mar de skea oan it bedriuw wie grut.