Untslach CMG'ers net wis

It is noch net wis oft de 118 wurknimmers fan CMG yn Ljouwert en Grins dien krije. Dat die bliken by in koart pleit dat de fakbûnen oanspand ha tsjin de ûntslachoanfraach fan it automatisearringsbedriuw.
CMG beskôget de 118 wurknimmers as útstjoerkrêften en kin se dêrom maklik dien jaan. It sintrum foar wurk en ynkommen twifelt dêr oan.