Famke betaaste troch âlde man

© Omrop Fryslân
In famke fan 11 jier út de Grinzer Pein is woansdei betaaste. Se fytste by Fryske Peallen doe't in âldere man har frege wêr't it kattepinsjon wie. De man pakte har beet en siet fuort oan har.
In tsjûge seach it. Hy gie nei it famke ta, de dieder liet los en ûntkaam. De plysje koe de dieder, in man fan 61 jier út Bakkefean, letter oanhâlde. Hy is ynsletten.