Trotwaer wurdt 'Moanne'

'Moanne' is de nije namme fan it tydskrift dat no as Trotwaer bekend stiet. Mei yngong fan septimber wurdt it literêr tydskrift breder mei mear algemien-kulturele stikken.
Neffens de redaksje fan it blêd kin de Moanne yn de nije opset mei rjocht in Frysk opinyblêd fan 64 siden neamd wurde. Literatuer bliuwt de rêchbonke mei oarspronklik wurk en besprekken.