Wetteroerlêst camping Flylân

Definsje en brânwacht hawwe moandei op Flylân dwaande west om it wetter fuort te pompen op camping Lange Paal op it eilân. Sûnt 12 oere middeis hie it dêr flink reind. Nei dikke buien yn july en ferline wike is de grûn op de camping trochweakke.
Ek rûnom op 'e fêste wâl yn Fryslân soarge de wolkbreuk foar in soad wetteroerlêst. Strjitten stiene blank.