Au-pair mei allinnich oppasse

Au-pairs hoege fan de rjochter gjin oar wurk te dwaan as dêr't se yn in gesin foar oannaam binne. De FNV hie in rjochtsaak oanspand tsjin in gesin yn Fryslân dat in Poolske au-pair ek oar wurk dwaan liet as op de bern passe.
De au-pair moast ek meihelpe mei de ferbouwing fan it hûs en waard ynset om apperteminten te ferhieren. De au-pair moat no noch 6000 euro oan lean krije.