Hieltyd mear deade seehûnen

© Omrop Fryslân
Yn 'e Waadsee binne oant no ta sa'n 170 deade seehûnen fûn. De measte bisten binne deagien oan it seehûnefirus PDV. Benammen de ôfrûne twa dagen binne in soad deade en sike seehûnen fûn op de fjouwer Fryske Waadeilannen.
Yn Skandinavië binne oant no ta sa'n 2.000 seehûnen oan it firus stoarn. Neffens saakkundigen sil it noch wiken duorje foardat it firus útwierre is.