Partoer Buma wint yn Doanjum

Géjanna Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hylkema wûnen sneon de keatspartij foar froulju yn Doanjum. It wie foar it partoer Buma de tredde oerwinning op rige nei Minnertsgea en Seisbjirrum.
Yn de finale fersloegen Buma en dy Marie Heida, Riska Hazenberg en Leonie Zeinstra mei 5-3 en 6-2. De tredde prizen wiene foar de partoeren Sjoke van der Veen en Eelkje Algra.