Grien Links: hâldt op mei IBF

De gemeente Hearrenfean moat gjin enerzjy mear stekke yn ynternasjonaal bedriuwepark IBF. Dat seit Grien Links Hearrenfean as reaksje op it nijs dat kompjûterfabryk SCI ticht giet.
Grien Links hat altyd kritysk west oer IBF en SCI. De partij hat fragen steld oer de kwestje oan b. en w. It IBF kin it bêste in gewoan regionaal terrein wurde, fynt Grien Links.