De Vos wint by Ychtenbrêge

Jeroen de Vos hat tongersdei de wed- striid by Ychtenbrêge wûn. Der stie in soad wyn, dat it silen gong hurd. Der wiene ek ûngemakken. It skûtsje fan Jan Jonker gong fanwege averij út 'e race.
It skûtsje fan Wiebe Leenstra sloech troch in hurde wynpûster om. Eelke Dijkstra, koprinner yn it klassemint, waard twadde. Dijkstra protestearre tsjin De Vos. Dat protest waard ôfkard.