PC-nacht rêstich ferrûn

De PC-nacht is op in tal ynsidinten en brantsjes nei rêstich ferrûn. Trije bestjoerders mei drank op binne oanhâlden. By de oanhâlding fan in Frjentsjerter (29) moast de plysje pepperspray brûke om't de man him fersette. In húskewein is yn brân set, de beam derachter gie dertroch ferlern.
Doe't it om 03:00 oere flink begûn te reinen, gie elkenien nei hûs ta.