Dijkstra wer de bêste by Sleat

Ek by Sleat wie Eelke Dijkstra de bêste skipper. Der wie amper wyn, it wetter wie suver glêd, mar de skippen kamen lang om let dochs om de tonne.
Twad waard Jacob Huisman. Hy krige in protest fan Robert de Jong en dat is tawiisd. Huisman komt dêrmei ûnderoan te stean. Tred wie Jappie Bandstra mar dy skoot in plakje op en sa komt Jeroen de Vos no op it tredde plak.