Goede saken foar iisfabryk

It iisfabryk Holiday Ice yn St Nyk docht op it stuit goede saken. No't de simmer goed troch liket te brekken, fleant it iis de doar út. It St Nykster bedriuw makket iis foar in grut tal supermerkketens en leveret ek oan bedriuwen yn Ingelân en Skandinavië.
It bedriuw wurket fansels foar de waarmte út, mar no't it waar sa goed is, wurdt de foarrie gau oanfolle.