'Foie gras net koosjer'

Restaurant de Grië op Skylge en hotel- restaurant Lauswolt yn Beetstersweach moatte foie gras (guozzelever) fan it menu helje. Dat easket Wakker Dier. De stifting hat útsocht dat 30 restaurants yn ús lân foie gras servearje.
Neffens Wakker Dier is der sprake fan earnstige bistemishanneling. Sa krije de bisten faak in trechter yn 'e strôt mei in kilo mais, sadat de lever groeit.