Pasjinten wurde agressiver

De agresje ûnder pasjinten op de haast- easkjende help fan it MCL-súd wurdt hieltyd slimmer. Oer it ôfrûne healjier wie der alle moannen wol in gefal fan fysyke agresje. Noch folle faker wurdt it personiel op ôfdieling útskolden, of sels bedrige troch pasjinten.
Elk ynsidint mei agressive pasjinten wurdt earst besprutsen ûnder kollega's. Mar no wurdt wurke oan in protokol.