Cambuur-Utrecht 0-0

Cambuur oefene sneontejûn yn Ljouwert tsjin earedivisionist FC Utrecht. De stân bleau 0-0. De bêste en measte kânsen wiene foar Utrecht, mei harren nije trainer Foeke Booy. Booy is in âld-spiler fan Cambuur. By Cambuur wiene Dominique van Dijk, Lionel Lord en Angelo Martha de grutte útblinkers.
Tiisdei oefenet Cambuur yn Frjentsjer tsjin Vitesse út Arnhim.