Projekt skiednis skûtsjesilen

De provinsje hat 13.500 euro donearre foar it dokumintaasjeprojekt "Foar it neiteam" oer it skûtsjesilen. It jild wurdt brûkt om ynformaasje yn te sammeljen oer it silen mei âlde skippen. Dy wurdt letter fêstlein op in cd-rom.
Fierder komt der in spesjale ynternet- side mei ûnder oaren de skiednis fan it skûtsjesilen. It projekt duorret 3 jier.