Porte en De Visser hâlde op

Topkeatser Sake Parte hâldt nei it seizoen op mei keatsen. Porte is 35 jier en hat 15 jier op it heechste nivo keatst. Hy wûn fiif kear de PC, mar is nea útroppen ta kening. Porte wol no mear tiid hawwe foar syn famylje.
Ek âld-Hearrenfean-spiler Jan de Visser hâldt op mei it betelle fuotbal. Hy krige nei it ôfrûne seizoen by Feyenoord gjin nij kontrakt.