Ferkiezings yn Kameleondoarp

© Omrop Fryslân
Yn it Kameleondoarp wurde ferkiezings útskreaun. It doarp falt ûnder de betochte gemeente Lenten. Der moat in wethâlder komme foar 'Vermaak & Vertier' en ien foar Doarpsbelangen. Fiif partijen dogge mei.
De ynwenners fan it doarp kinne stimme. Dêrfoar moatte se har ynskriuwe by de boargemaster. Der is gjin leeftydsgrins. De ferkiezings binne tongersdei.