Fertochte stekpartij langer fêst

© Omrop Fryslân
De fertochte fan de deadlike stekpartij yn Frjentsjer bliuwt noch tsien dagen fêst sitten. De rjochtbank bepaalde ek dat der in psychiatrysk ûndersyk komt. In oare fertochte is tiisdei frijlitten.
By de stekpartij is in frou fan 35 jier om it libben kommen. Twa mannen rekken swier ferwûne. Neffens de foarsitter wurdt nije wike op de PC op passende wize omtinken jûn oan it ynsidint.