Fertochte stekpartij foarlaat

De haadfertochte fan de deadlike stekpartij freedtenacht yn Frjentsjer, wurdt tiisdei foarlaat oan de offisier fan justysje. De man wurdt fertocht fan deaslach en it besykjen fan deaslach.
De twadde fertochte yn de saak wurdt net foarlaat, om't oer syn rol noch in soad ûndúdlikens is. It is noch net dúdlik oft er no fuortdalik frij komt.