De Jouwer winnende skûtsje

It skûtsjesilen by Starum duorre sneon langer as oars. Nei fjouweren sylden de skûtsjes troch foar noch in omgong. De finish wie nei healwei fiven.
De koprinners wiene sûnt de start De Jouwer, Langwar en Drachten. It slagge Snits om goed op te rukken nei in fjirde plak. Skipper Syperda fan it Hearrenfean moast de mêst yn om in rabân stiver oan te lûken.