Postkantoar De Lemmer ticht

It postkantoar op 'e Lemmer giet ticht. Nei ferwachting kinne de Lemsters fan 2005 ôf net mear op it kantoar oan de Nieuwburen telâne foar har postsaken.
De sluting hat te krijen mei in reorganisaasje fan de postkantoaren yn Nederlân. It doel is om in soad no noch selsstannige kantoaren ûnder te bringen by besteande winkels, dêr't dan like- folle tsjinsten oanbean wurde sille.