NNBT: 'Toerist moat de wâl op'

De wettersporttoerist yn Fryslân moat fan it wetter ôf en de wâl op. Dat wol it Noard-Nederlânsk Buro foar Toerisme, it NNBT. Neffens har bliuwe de toeristen te folle op it wetter en sjogge se net nei al dat oars dat de provinsje, benammen op kultureel gebiet, te bieden hat.
It NNBT hat dêrom in spesjale krante makke oer ferskate deitochten.