Mear greidefûgels as yn 2000

It giet goed mei de greidefûgelstân yn de reservaten fan Natuurmonumenten yn de greidhoeke. Yn fergelyk mei 2000 binne der no mear ljippen, skriezen en tsjirken. Ferline jier waard de fûgelstân net teld fanwege de tongblier.
Ek yn it omlizzende boerelân waarden in soad jonge skriezen sjoen. Neffens Natuurmonumenten betsjut dat dat natoer-behear goed gearwurkje moat mei boeren.