Minder belizzingshypoteken

De Fryske wenningkeaper wurdt hieltyd skrutener mei it ôfsluten fan in belizzingshypoteek. By sa'n hypoteek wurdt foar de ôflossing jild belein.
Dat der hieltyd minder belizzings- hypoteken ôfsluten wurde, past yn it lanlike byld. Oarsaak is de delgong fan de AEX-yndeks en it minder wurden fan it fertrouwen yn de ekonomy.