Starumer delstutsen yn Ljouwert

Yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in 33-jierrige man út Starum mei in mes yn 'e búk stutsen. Tsjûgen seagen dat de man oanfallen waard troch twa manlju. It slachtoffer hie earder dy nacht ek al spul hân mei syn belagers yn in shoarmasaak op 'e Weaze.
It slachtoffer waard oerbrocht nei it sikehûs en is dêr opereard. De beide fertochten binne útnaaid.