Fierljeppen yn Winsum

De Warkumer Rients van der Wal hat tongersdeitejûn yn Winsum it fierljeppen wûn yn de topklasse. Hy ljepte 17,95. By de junioaren wie Bart Helmholt fan Burgum mei 17,51 de bêste.
Jantina de Vreeze sprong mei 14,27 hast 80 sentimeter fierder as de konkurrinsje. Piet Scherjon fan Burgum ljepte mei 16,55 in nij persoanlik rekord.