'Fergunning fiskers ûnjildich'

De fergunning foar skulpfiskers yn de Waadsee is troch de Rie fan Steate ûnjildich ferklearre. It giet om ferguningen ôfjûn foar de jierren 1999-2001. Oer it kwotum dat opfiske wurde mei, is skeel ûntstien.
Neffens de Nederlânske feriening foar skulpfiskers kin de útspraak grutte gefolgen ha. As skulpfiskers net mear fiskje meie, komme se yn swier waar.